|
Twa susters fine mekoar nei sawat in heale
ieu werom yn ien bêd. De bern hawwe har in verwenweekend
oanbean yn in beautyfarm op Amelân. In kedootsje om
t se geregeld ope beppesizzers passe. Hoe eigen
fiele se har noch tegearre yn dat frjemde bêd? Wylst
de beautyfarm bedoeld is foar de moaie bûtenkant en
om te relaxen, behoffenje beide susters de binnenkant, soms
ta de bonke. It verwenweekend draait út
op in sliepeleaze nacht, mar is dochs hiel ferfrissend...
Twa susters fine mekoar werom op it toaniel.
Sawat 35 jier ha se neffens eigen programma libbe en no
steane se wer yn itselde programma. Yn it teater. Wat kinne
dizze artystedochters oars spylje as harsels. Lykwols...
eltse oerienkomst mei bekinde persoanen is poer tafallich.
|